Ireen Wüst draacht flagge by sluting Olympyske Spelen

24 feb 2018 - 09:13

Reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean sil snein by de olympyske slutingsseremoanje de Nederlânske flagge drage. Earder diene ûnder oaren Sven Kramer, Yvonne van Gennip, Rintje Ritsma en Bob de Jong dat.

De 31-jierrige Wüst helle goud op de 1500 meter en sulver op de 3000 meter en by de ploege-efterfolging. Se hat no yn totaal alve olympyske medaljes en is dêrmei de meast suksesfolle Nederlânske Olympiër ea.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)