Ljouwerter oertrêdet foar sechsde kear gebietsferbod

24 feb 2018 - 08:54

In 28-jierrige Ljouwerter is freedtenacht oanhâlden foar it oertrêdzjen fan in gebietsferbod. Plysjes seagen de man rinnen yn it stasjonsgebiet fan Ljouwert, wilens boargemaster Ferd Crone him dat ferbean hie. It wie al de sechsde kear dat de dôfhûdige man it ferbod oertrêde. De Ljouwerter sit fêst.

(advertinsje)