Cambuurtrainer Hake oer lyk spul: "Er had meer in gezeten"

24 feb 2018 - 08:39

Cambuurtrainer René Hake wie freedtejûn nei ôfrin fan de wedstriid foarsichtich posityf oer it 1-1 lyk spul fan syn spilers tsjin FC Emmen. "Vanuit ons perspectief hebben we tegen Emmen met een punt een goed resultaat gehaald, maar helemaal tevreden ben ik natuurlijk niet. In bepaalde fasen had er meer in gezeten." Hake doelt dêrmei benammen op it útbouwen fan de "fertsjinne" 1-0 foarsprong, dy't de Ljouwerters yn it earste healoere op it skoareboerd setten. "Dan zijn er één of twee momenten waarop we de 2-0 kunnen maken, maar dat laten we helaas na."

It iennichste doelpunt foar SC Cambuur kaam fan ynfaller Alvin Daniels. Hy ferfong de kluptopskoarer Martijn Barto, dy't lêst fan syn foet hie. It wie al efkes lyn dat Daniels yn de basisopstelling stie en hy wie bliid dat er wer mocht. "Heerlijk, lekker voetballen." Nettsjinsteande syn doelpunt, sjocht er er noch wol romte foar ferbettering. "Ik kan terugkijken op aardig wat mooie dingen. Ik heb alles gegeven en een goaltje meegepakt. Nu ben ik wel tevreden, maar het kan altijd beter."

(advertinsje)