Kollum: "D66, de partij sûnder kont yn de broek"

24 feb 2018 - 08:09
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

"Wy ha in regear dat bestiet út fjouwer partijen. Trije fan dy fjouwer ha in letter D yn harren namme. De Volksparij voor Vrijheid en Democratie, koartsein de VVD, is de earste. Dan ha we it Christen Democratisch Appel, of wol it CDA. De op papier krekt wat kristliker mar linkser ChristenUnie is de tredde partij. Dy ha dus gjin utering fan demokrasy yn de partijnamme, wat fansels net sizze wol dat se net demokratysk wêze soenen.

No wit ik dat in soad minsken dy't op dy beide lêste partijen stimme, fine, dat de folksfertsjintwurdigers dy't keazen binne fjouwer jier lang harren gong gean meie, sûnder ynminging fan it elektoraat. 'Zij die boven ons gesteld zijn', moatte it belied meitsje en útfiere, dêr ha de minsken foar keazen. Sa sawat.

Demokrasy is in grut geskink, dêr't je net wiis genôch mei wêze kinne. De definysje is sa: Demokrasy is in bestjoersfoarm, wêrby't it folk sels stimt oer de wetten, of folksfertsjintwurdigers kiest dy't de wetten meitsje. Hjirby is it folk dus baas yn eigen gebied en kinne der gjin maatregels en wetten oplein wurde as de mearderheid fan de befolking it der net mei iens is. Prachtich systeem.

De fjirde partij yn ús regear is Democraten 66. Dy ha dus sûnt 1966 alles oer foar de demokrasy, want se ha gjin frijheid of kristlik sauske by harren namme ynknutsele. Alles foar de demokrasy. En dêr meie de kiezers ek wat fan fine. Want D66 wie ien fan de grutte foarfjochters fan it referindum. Ien fan de seldsume wapens fan de befolking, om in regear by te stjoeren of ta de oarder te roppen yn in regearperioade. It waard yn D66-rûntsjes as ien fan harren kroanjuwielen sjoen.

Kroanjuwielen binne wichtich foar de identiteit fan in politike partij. It jout oan hokker kant it neffens dy partij út gean moat mei it lân. Dêr binne je as partij stjonkende wiis mei, it foarmet in stik fan jo DNA.

By de formaasje fan dit regear hat D66 yn ruil foar it regearingsplús sjen litten hoefier't partijlieder Alexander Pechtold gean wol om oan de macht te kommen. Hy hat gewoan platwei syn kroanjuwiel it referindum útruile tsjin wit ik wat. En wa mocht dy folslein idioate draaierij ferdigenje? De Sweedske iiskeninginne Kasja Ollongren. De minister fan Ynlânske Saken. En fan hokker partij is dy ek al wer? Krekt, fan Democraten 66. De partij dy't ûnder oanfiering fan Pechtold syn eigen identiteit ferkocht hat en dêrmei sjen lit dat de miening fan it folk him folle minder seit as de namme fan syn partij fermoeden docht.

As partijen op in referindum tsjin binne, is dat harren goed rjocht. Mar Pechtold hat syn eigen partij ferkwânsele troch der yn de formaasje fan dit regear gjin brekpunt fan te meitsjen. D66, de partij sûnder kont yn de broek."

(advertinsje)