Neispyljen sjitynsidint grypt besketten Clafis-direkteur oan

It neispyljen fan it sjitynsidint fan 13 moannen lyn op it parkearplak fan Thialf, hat Clafis-direkteur Bert Jonker bot oangrepen, seit syn advokaat Hans Anker.
"Hiel heftich"
Freedtejûn hawwe sawol de fertochte as it slachtoffer foar trije plysjekamera's in rekonstruksje dien fan it barren. Dat wie hiel heftich foar Jonker, seit Anker.
Twa ferhalen
De rekonstruksje wie nedich omdat elts in oar ferhaal fertelt. Neffens Jonker hâlde de fertochte him oan doe't er fuortride woe. De fertochte hie in wapen en brûkte dat ek. Dêrby rekke Jonker ferwûne oan syn hân. It ferhaal fan de fertochte is wer oars.
Gjin moeting
Al mei al duorre de rekonstruksje sa'n twa oeren. Der wie foar soarge dat slachtoffer en fertochte elkoar net tsjinkomme koenen.