Spektakulêr lykspul Avanti, ferlies Drachtster Boys

23 feb 2018 - 22:39

It bliuwt spannend om de play-offplakken yn de earedifyzje sealfuotbal foar froulju. De earste fjouwer teams pleatse harren dêrfoar. Drachtster Boys stiet op dat fjirde plak, mar koe freedtejûn net foar in stunt soarge tsjin koprinner KTP Nieuw Roden. Avanti, dat trije punten minder hat as Drachtster Boys, spile lyk tsjin direkte konkurrint Hovocubo.

Yn Zwaag (Noard-Hollân) kaam Avanti betiid op 0-1 troch Si Shut Hau. Yn de spektakulêre twadde helte gie it hieltyd hinne en wer. Fiif minuten foar tiid stie Avanti mei 1-2 foar, nei noch in goal fan Hau. In pear minuten letter stie it lykwols 3-2 foar Hovocubo. Christa Poelman en Marije de Boer soargen wer foar in Stienzer foarsprong, mar yn de lêste minút waard it dochs 4-4.

Drachtster Boys kaam yn Leek betiid op efterstân, mar Bernou Hylkema sette de Drachtsters wer neist Nieuw Roden. Dochs gienen de ploegen net mei de gelikense stân it skoft yn, want Amber Bandringa sette op slach fan rêst de 2-1 op it skoareboerd. Dyselde Bandringa makke yn de twadde helte ek de 3-1. Dêr bleau it by.

(advertinsje)