Cambuur yn eigen stadion gelyk tsjin "ploech yn foarm"

23 feb 2018 - 21:58

Sportklup Cambuur hat freed thús in punt pakt tsjin FC Emmen. Yn it Cambuurstadion koe de ploech fan René Hake in foarsprong net fêsthâlde. Emmen wie de ploech yn foarm yn de Jupiler League: de Drinten hienen harren foarige fiif wedstriden wûn.

Op en del

It spul gie op en del yn de earste helte. Sa skeat Emmen-oanfaller Anco Jansen hurd, mar rjocht op Erik Cummins ôf. Dêrnei soarge Crowley foar it earste gefaar fan de Ljouwerters. Ald-Cambuurkeeper Telgenkamp brocht rêding foar Emmen. Youri Loen wie noch wat tichter by in goal. Hy rekke mei in swabberbal de latte.

Hands

Nei in lyts healoere kaam Cambuur op foarsprong. Xander Houtkoop spile de bal tsjin de hân fan Emmen-ferdigener Jeroen Veldmate. Skiedsrjochter Van de Graaf wiisde nei de stip en Alvin Daniels skeat de 1-0 binnen. Daniels soarge koart dêrnei sels hast foar de 2-0, mar dizze kear rekke er fia de foet fan Keziah Veendorp de peal.

Emmen sterker

Direkt nei it skoft krige Glenn Bijl in frije skotkâns foar Emmen. Hy skeat neist. De útploech wie wat sterker yn de twadde helte en socht nei de 1-1. Dêrtroch krige Cambuur wat rûmte, mar dêrfan koenen de Ljouwerters net profitearje. Tweintich minuten foar tiid foel de lykmakker. Cas Peters naam in pass fan Jansen goed oan yn it Ljouwerter strafskopgebiet en skeat yn it dak fan 'e goal raak.

Yn de slotfaze krigen beide ploegen mooglikheden op de winnende goal. Sa rekke Schils de bal mar heal op oanjaan fan Crowley. De grutste kânsen wienen lykwols foar Emmen. Mei foarsetten fan beide kanten wie der hieltyd gefaar foar de goal fan Cambuur, mar de ploech oerlibbe de lêste minuten sûnder tsjingoal. Hast wûnen de Ljouwerters noch. It skot fan Issa Kallon einige op de fûsten fan Telgenkamp.

SC Cambuur - FC Emmen: 1-1 (1-0) 26. Alvin Daniels 1-0 (strafskop), 71. Cas Peters 1-1

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Sai van Wermeskerken; Mathias Schils, Daniel Crowley, Daan Boerlage; Issa Kallon, Alvin Daniels (79/Kevin van Kippersluis), Xander Houtkoop (74/Martijn Barto)

Trefwurden: 
SC Cambuur FC Emmen fuotbal
(advertinsje)