Froulju Hearrenfean winne en pleatse har foar kampioensgroep

Argyffoto © Vrouwenscheerenveen.nl
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe harren freedtejûn pleatst foar de kampioensgroep fan de earedifyzje. Troch de 3-0 winst op Excelsior Barendrecht is Hearrenfean wis fan it fjirde plak yn de kompetysje en de top-5 spilet yn de kampioensgroep.
Topskoarer Fenna Kalma iepene nei goed 20 minuten spyljen de skoare foar Hearrenfean. De Feanster froulju bleaune de sterkere ploech en wiene in oantal kear tichtby in 2-0 foarsprong. In kertier foar rêst makke Tiny Hoekstra dan toch de 2-0 en Laura Strik sette yn de slotminuten de 3-0 einstân op it skoareboerd.