Wurkstraf foar twa manlju nei gewelddiedige ôfparsing

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 61-jierrige Kimswerter hat in maksimale wurkstraf fan 240 oeren krigen foar gewelddiedige ôfparsing. Yn deselde saak krige in twadde fertochte fan 67 jier út Snits ek in maksimale wurkstraf. Tsjin beide manlju wie in finzenisstraf fan respektyflik twa jier en sechstjin moannen easke.
It twatal soe yn 2016 in man út Kimswert mei geweld ôfparse hawwe nei in finansjeel skeel. In tredde fertochte út Easterwâlde krige ôfrûne simmer al in finzenisstraf foar syn oandiel yn dizze saak.