VVD Ljouwert lilk oer gebrek oan ynformaasje oer ferbouwing

Wethâlder Henk Deinum moat him ferantwurdzje oer it gebrek oan ynformaasje oan de ried oangeande de ekstra kosten fan de ferbouwing fan de Blokhúsparte. Dat fynt riedslid Harry Bevers fan de VVD. "We zijn er echt boos over dat we niet tijdig geïnformeerd zijn", seit Bevers. "Daarover gaan we in debat."
Tongersdei skreau it Ljouwerter kolleezje fan boargemaster en wethâlders dat ûntwikkeler BOEi ferantwurdlik is foar de ekstra kosten fan de ferbouwing. BOEi woe freed gjin reaksje jaan.