"Ferplicht oanwêzich wêze by sprekrjocht is 'onzinnig idee'"

Fertochten fan slimme misdriuwen ferplichtsje om yn de rjochtseal oanwêzich te wêzen wylst it slachtoffer it sprekrjocht útoefenet, is "een onzinnig idee". Dat seit de Ljouwerter advokaat Bart Canoy. Minister Sander Dekker fan rjochtsbeskerming wol dizze ferplichting oan fertochten oplizze om slachtoffers yn de mjitte te kommen.
Canoy makket dêr beswier tsjin, omdat de skuld fan fertochten net fêststiet salang't se net feroardiele binne. "Je moet niet toelaten dat iemand wordt aangesproken op gedrag waarvan nog niet is vastgesteld dat hij zich zo heeft gedragen, laat staan dat je iemand ertoe verplicht om naar te luisteren", seit Canoy. "De minister gaat er volledig aan voorbij dat uitsluitend verdachten voor de rechter kunnen verschijnen."
Minister Dekker seit dat justysje hiel lang te min each hân hat foar de slachtoffers. Dat fertochten yn de sel sitten bliuwe kinne, wylst slachtoffers fertelle wat se oandien is, fynt er gek. "Slachtoffers van gewelds- of zedenmisdrijven, willen gehoord worden bij de rechter én door de dader", seit Dekker yn de Volkskrant. Dêrom wol er fertochten ferplichtsje om by it útsprekken fan de slachtofferferklearring te wêzen.
Neffens Canoy lit it foarstel fan Dekker sjen dat er de rjochten fan slachtoffers net genôch beskermet. "Rechten worden vaak beschouwd als een presentje voor de verdachte, terwijl ze eigenlijk een waarborg zijn voor ons allemaal."
Canoy begrypt wol dat slachtoffers harren ferhaal graach kwytwolle, mar it moat gjin ûnderdiel wurde fan de rjochtsaak, seit er. "De emoties die slachtoffers hebben zijn terecht, maar het is de vraag waar ze terecht moeten komen."
Canoy stelt foar om de slachtofferferklearring nei ôfrin fan de rjochtsaak te hâlden, as de fertochte gjin fertochte mear is, mar feroardielde.