Fryske útjouwer bringt Bachbibel fan 4.800 euro op 'e merk

23 feb 2018 - 18:26

Utjouwerij Van Wijnen út Frjentsjer hat de earste werútjefte presintearre fan de bibel fan komponist Johann Sebastian Bach (1685 - 1750). It orizjineel is in enoarme trijedielige bibel mei kommentaar dy't yn Bachs besit wie en wêryn't er tal fan notysjes makke. De bibel spilet in wichtige rol yn it wurk fan Bach.

De werútjefte yn facsimile wie in grut en kostber ynternasjonaal projekt. It earste eksimplaar waard freed presintearre. Der is wrâldwiid belangstelling foar de Bachbibel, dy't yn in oplage fan 1.000 nûmere eksimplaren ferskynt. De bibel kostet 4.800 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)