Wurkstraf foar skipper nei trochfarren by deadlik ûngelok

23 feb 2018 - 18:08

Tsjin in man út Twello is 240 oeren wurkstraf easke, omdat er gjin help jûn hat oan minsken yn need op in boat. Dit barde yn novimber 2015 op de Iselmar tusken De Lemmer en Urk.

It jacht wie sonken en twa manlju leine yn it wetter. De fertochte fear dêr mei syn frachtskip del, mar holp se net, ek al hie in matroas de twa slachtoffers heard en sjoen. De skipper warskôge wol de kustwacht en in skip dat him yn de mjitte kaam, mar gie sels fierder.

De help foar de twa slachtoffers kaam te let, se ferdronken. De skipper út Twello seit dat it te gefaarlik wie om stillizzen te gean, mar saakkundigen binne dat net mei him iens. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)