SC Hearrenfean tsjin Excelsior sûnder Høegh en Dumfries

23 feb 2018 - 17:45

SC Hearrenfean moat it sneon yn de thúswedstriid tsjin Excelsior wierskienlik dwaan sûnder basiskracht Daniel Høegh. De Deenske ferdigener foel freed op de training út mei in blessuere. Hy besocht it hjoed noch wol op de training en hy wol moarn noch ôfwacthsje. Syn plak wurdt ynnaam troch de Noar Nicolai Næss.

Hearrenfean kin ek gjin berop dwaan op Denzel Dumfries. De rjochtsback krige ferline wike syn fiifde giele kaart fan it seizoen en is dêrtroch skorst. Syn ferfanger is Doke Schmidt.

It duel tusken Hearrenfean en Excelsior is in wedstriid tusken twa middenmoaters. De Friezen steane njoggende en hawwe trije punten mear as Excelsior, de nûmer alve fan de ranglist.

De wedstriid begjint sneontejûn om 19.45 oere en is streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân radio.

(advertinsje)