5 tips om de kjeld te oerlibjen

23 feb 2018 - 17:34

Soest hast tinke datst hielendal de provinsje net út hoechst om de kjeld op te sykjen. De temperatueren lizze nachts yn Fryslân al dagenlang ûnder de nul, mar oft dat no net kâld genôch is en je wolle absolút op wintersport, wat binne dan dé tips om dy kjeld te oerlibjen? Dizze tips kinst trouwens ek brûke wannear'tst yn de provinsje bliuwst.

Termoguod oan

As it spultsje mar lekker waarm is! Je dogge mei dit soart waar dochs gjin koarte broek oan, dus in langere, tsjokkere, waarmere ûnderbroek kin dan prima oan. Dêrneist is neat minder as kâlde teannen. Dus dan mar efkes wat minder hip derby rinne yn ruil foar wat waarmte.

Antyfries

Dit is fansels wat dreech as Fries, mar ja, it is dochs wol nedich. Mei dit soarte fan temperatueren befriest dan echt alles, dus dan mar it sekere foar it ûnsekere.

Reitsje net fan 'e kaart

In soad minsken geane op itselde momint op fakânsje en dat wol wolris foar in soad drokte soargje. Hâld de rûte goed yn de gaten en brûk Google Maps sadatst de files út de wei gean kinst. Nim ek sniekettingen mei, want je wolle net fan 'e berch ôfglydzje.

In fretkuorke

Mocht it no sa wêze datst maleur mei de auto hast of yn de file stiest, dan moatst wol goed ite. Nim dus altyd efkes wat ekstra te iten en drinken mei. In bearenburchje om derfoar te soargjen datst waarm bliuwst bygelyks. Nim kofje wannear'tst ride moast, want ride mei drank op mei net.

Bliuw thús

Wêrom net? It is hjir dochs ek hartstikke kâld? Of lekker it kacheltsje oan en gewoan neat dwaan. Dat hat in minske op syn tiid wol fertsjinne.

Trefwurden: 
tips fakânsje wintersport
(advertinsje)