FIDEO: Bob de Vries werom op syn pleats yn De Haule

Snein, dan is de lêste dei fan de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Foar dy tiid binne der noch wat omballingen dêr't de measte sporters by binne. Se fiere noch in feestje en wurde fan ynterview nei ynterview sleept. Mar guon sporters binne al werom. Ien fan harren kaam sels nei in wike al werom. Bob de Vries einige as 15e op de fiif kilometer yn in tiid fan 6.22.27. Teloarsteld oer syn fiif kilometer wêryn't hy in tiid delsette dy't folle stadiger wie as de tiid wêrmei't er him op syn 33e, as debutant, pleatste foar Pyeongchang. De Vries is werom op syn pleats yn De Haule en wy seagen by him.