Alvemarretocht hat lisinsje foar kommende fiif jier binnen

23 feb 2018 - 15:57

De waarnimmend boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân, Magda Berndsen, hat freedtemiddei de fergunning foar de Alvemarretocht tekene. De fergunning foar dizze tocht is fiif jier jildich. De tocht giet oer alve marren yn de Súdwesthoeke fan Fryslân en is de opmaat foar de Alvestêdetocht.

De Alvemarretocht is 115 kilometer en giet lâns sân fan de alve stêden. De lêste kear dat de tocht riden is, wie yn 1997, doe't ek de Alvestêdetocht foar it lêst ferriden waard. Dochs is it neffens Berndsen belangryk dat der alle fiif jierren in fergunning jûn wurdt. "We tekenen ervoor dat we het evenement goed onder controle hebben."

Trefwurden: 
fergunning Alvemarretocht
(advertinsje)