Earst noch net hurder farre op Burgumer Mar

23 feb 2018 - 15:51

Der mei foarearst noch net hurd fearn wurde op de Burgumer Mar. De provinsje stiet wol posityf tsjinoer hurder farre, mar Deputearre Steaten wolle earst better ûndersykje wat dat betsjutte soe foar de natuer, de feilichheid en de minsken dy't der wenje.

Dat jildt net allinne foar de Burgumer Mar: Deputearre Steaten wolle foar hiel Fryslân in nije wettersportfyzje opstelle. Dêr moat dan ek yn stean op hokker wetter hurdfearn wurde mei.

In groep ûndernimmers en wettersporters trunet der al in skoft op oan om hurdfarren op de Burgumer Mar ta te stean.

Trefwurden: 
Burgumer Mar hurdfarre
(advertinsje)