Freedsmerk: "Kom mar op mei dy winter"

23 feb 2018 - 14:39

"Hearlik, drûch friezend waar. Dat ha we lang net hân, dus kom mar op mei dy winter!" Dat wie in fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it kommende serieuze winterwaar.

De grienteman is ek in leafhawwer en hat wat ekstra seil en in waarmtekanon ynset om syn hannel goed te hâlden.

In frou fertelde dat har man it smoardrok hie mei it reedslypjen en dat fia Facebook al de nedige redens ferkocht binne. Mar net elk is sljocht op de winter: "Ik sit leaver by de kachel, dy stiet al op 25!"

Trefwurden: 
freedsmerk
(advertinsje)