Oprop om yn huzen mei reid houtkachels net baarne te litten

Univé ropt bewenners fan huzen mei dakken mei in kap fan reid op gjin houtstookte kachels te brûken. It risiko op wenningbrân is neffens de fersekerder op it stuit libbensgrut. It drûge waar, yn kombinaasje mei de froast en kâlde eastewyn, soarget foar tige drûge dakken. In lyts fonkje is dan genôch foar brân.
No't it stookseizoen al even oan de gong is, sit der al flink wat roet yn skoarstiennen dy't in soad brûkt wurde. Dat makket de kâns op fonken grutter.
Yn De Wilp, flakby Fryske Peallen, wie freedtemoarn noch in grutte brân yn in wenbuorkerij. Dy hie ek in dak fan reid.
Yn de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân en Utrecht binne sawat 3.500 wenningen mei in dak fean reid fersekere by Univé. Likernôch de helte dêrfan hat in houtkachel.