Net mear smoke op skoalle, mar wêr dan wol?

23 feb 2018 - 13:53

Fryske skoallen wrakselje mei it smookferbod dat oer twa jier ferplicht ynfierd wurde moat op alle skoallen en skoalpleinen yn Nederlân. Sa as bygelyks op de skoallemienskip Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer. Dêr jildt sûnt de simmer al in smookferbod. Dat betsjut lykwols dat de learlingen de buert om de skoalle hinne ynrinne om in sigaret op te stekken.

In grutte groep gie nei de SPAR-supermerk oan de oare kant fan de dyk. Eigener Uldrik de Vries wol dat sûnt tongersdei lykwols net langer lije en stjoert de learlingen fuort. Hy wol net dat syn winkel assosjearre wurdt mei smokende minderjierrigen. De skoalle hat regelmjittich oerlis mei de buert, mar seit dat it ûnmooglik is om learlingen te ferbieden dat se bûten it skoalterrein smoke.

Oansprekke as net?

Neffens direkteur Teo de Groot wurdt der yn de buert om de skoalle hinne ferskillend tocht oer de smokende learlingen. Guon bewenners fine it gjin probleem om de learlingen oan te sprekken. Oaren hawwe dêr mear muoite mei en binne benaud dat se in grutte mûle weromkrije. Supermerk eigener De Vries seit dat hy dêr noait problemen mei hat. As hy oan de bern freget om fuort te gean en har peuken op te romjen bart dat yn hast alle gefallen. Op de skoalle sitte 1200 bern. De Groot en de Vries sizze mei klam dat it mar in lytse groep is dy't smookt.

Sigaret om de stress

Ien fan har Bauke Willem (16). Hy erkent dat de learlingen no yn de buert smoke, mar neffens him krije se net in protte kommentaar. Dat it no by de SPAR ek net mear mei, fynt er spitich, mar hy wol syn sigaretsje net misse. "Ik haw in soad stress fan dizze skoalle", seit er laitsjend. In sigaretsje jout wat ôflieding. Direkteur Teo de Groot stiet fjouwerkant efter it plan om de skoallen smookfrij te meitsjen. "Twa kear yn it jier nûgje wy de buert út, om te sjen wat der spilet. Wy ferpleatse it probleem net, wy nimme ús ferantwurdlikheid. Wy hawwe no ek konsjerzjes dy't bûten it plein en de skoalle tafersjoch hâlde."

(advertinsje)