Rjochter docht ein april útspraak oer deadlike stekpartij

23 feb 2018 - 13:21

De Ljouwerter rjochtbank behannelet op 24 april de rjochtsaak tsjin de 30-jierrige Drachtster dy't ferline jier op It Hearrenfean in man fan 60 deastuts. Dat is freed bekendmakke yn de pro forma-behanneling fan dizze saak.

De fertochte wurdt ferfolge foar moard en is seis wike lang observearre en psychysk ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. It is noch hieltyd ûndúdlik wat it motyf wie foar de stekpartij.

Op 15 augustus ferline jier die it slachtoffer om healwei alven jûns hinne de doar fan syn wenning iepen, wêrnei't de fertochte him fuortendaliks delstuts. De soan fan de delstutsen man slagge deryn de Drachtster te oermasterjen. De Drachtster joech de soan by de wrakseling meardere klappen mei in hammer op 'e holle. It Iepenbier Ministearje sjocht dat as besykjen ta moard.

Trefwurden: 
rjochter stekpartij
(advertinsje)