Buertsuper Aldegea hâldt der nei fyftich jier mei op

23 feb 2018 - 15:25

Ynwenners fan Aldegea yn Súdwest-Fryslân sille der dalik mooglik wol even oan wenne moatte. Nei krapoan fyftich jier hâldt winkelman Pier Reijenga dermei op. Reijenga is de eigener fan de doarpswinkel yn it doarp. De buertsuper stiet der sûnt 1966 en hat mar twa jier sûnder Reijenga draaid. De doe 15-jierrige Aldegeaster stie yn 1968 al yn de saak fan syn heit.

Der is gjin opfolger foar Reijenga. It is de bedoeling dat de famylje yn it hûs oan de winkel wenjen bliuwt. Ynwenners fan Aldegea fine it spitich dat Reijenga dermei ophâldt. Reiny de Vries is in fêste klant: "Foar Pier is it prachtich dat hy dermei ophâlde kin, mar foar ús it it jammer. Der komt no wol in nije winkel, mar by Pier is it âld en fertroud."

Trefwurden: 
Aldegea (SWF) doarpswinkel
(advertinsje)