UPDATE: Gemalen wurde útset om iisgroei te befoarderjen

23 feb 2018 - 16:40

Wetterskip Fryslân set fan freed ôf gemalen yn de provinsje út. Dat is bedoeld om de iisgroei te befoarderjen. Earder stelde de provinsje om dy reden al in farferbod yn. It wetterskip set de measte gemalen stil, mar net allegear. De kommende dagen wurdt besjoen wêr't it fertroud is om dat te dwaan. Op plakken dêr't in soad kwelwetter omheech komt, bliuwe de gemalen langer oan, om wetteroerlêst foar te kommen.

It Woudagemaal

It Ir. D.F. Woudagemaal by De Lemmer wurdt nije wike toch net ûnder stoom brocht. Dat wie wol de bedoeling, om it personiel de betsjinning fan it âlde stoomgemaal yn de praktyk te learen. It wetterskip stelt dat no út, fanwege de froast. Sa wurdt gjin inkeld risiko naam mei de oangroei fan it iis. De Jouster slûs en de gemalen fan Goaiïngaryp en De Broek binne freedtemiddei al ticht gien.

(advertinsje)