Plysje hâldt yn Ljouwert dronken automobilist út Grins oan

© ANP
In 35-jierrige man út Grins is freedtenacht yn Ljouwert op de bon slingere omdat er mei drank op efter it stjoer siet. De plysje sette him yn de Wijbrand de Geeststrjitte oan de kant foar kontrôle. De man hie tefolle dronken en moast mei nei it buro. De Grinzer wie boppedat noch yn it besit fan in ryd-ûntsizzing.
Foar beide saken krige de man proses-ferbaal. Hy hie earder ek al in maatregel oplein krigen wêrby't him ferbean wie om alkohol of drugs te brûken. It Iepenbier Ministearje is derfan op 'e hichte brocht dat de man him dêr net oan holden hat.