Miljeudefinsje en Waadferiening wurkje net mei oan gasplan

23 feb 2018 - 11:42

Miljeudefinsje en de Waadferiening fine dat de plannen foar it boarjen nei gas ûnder Ternaard en de Waadsee fan tafel moatte. Dat skriuwe de ferienings yn in mienskiplik parseberjocht. Miljeudefinsje is kritysk en neamt it omjouwingsproses in 'schijnvertoning'.

De Waadferiening krige de mooglikheid, krekt as de Fryske Miljeufederaasje, om in wichtige spiler te wurden yn it proses, dat oan de boarplannen foarôfgiet. Sy koene dan meiprate oer it nut en de needsaak fan gaswinning yn Ternaard. Beide partijen hawwe yn in brief oan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel skreaun, dat se dêr net oan meiwurkje.

(advertinsje)