'Skippen Noardsee begeliede'

01 nov 2011 - 14:38

Boargemaster De Hoop fan It Amelân wol dat der ferkearsbegelieding komt foar skippen dy't op de Noardsee boppe de Waadeilannen farre. Hy seit dat yn reaksje op de útkomst fan in ûndersyk fan it Staatstoezicht op de Mijnen. Derút docht bliken dat it tal skippen dat de feiligenssône fan boarplatfoarms skeint, tusken 2007 en 2010 tanaam fan 9 nei 19. Elts platform hat in sône fan 500 meter dêr't gjin skippen komme meie om ûngelokken te foarkommen.

(advertinsje)