Pyeongchang, dei 16: Kramer lêste Fryske troef op Spelen
Oan alles komt in ein, sa ek oan de Olympyske Winterspelen. Offisjeel is snein de lêste dei fan de Spelen, mar foar de Fryske sporters en fans sit it sportevenemint der sneon al op. Dan sil Sven Kramer in skoat dwaan nei de olympyske titel op de massastart.
12.00 oere: massastart froulju
Foardat Kramer it iis opkomt, stride earst de froulju op de massastart om de medaljes. Foar Nederlân binne dat Annouk van der Weijden en Irene Schouten.
13.30 oere: massastart manlju
By de manlju fertsjintwurdigje Kramer en Koen Verweij Nederlân. Yn prinsipe sil Kramer Verweij yn in goede posysje bringe wolle om om de boppeste plakken mei te dwaan, mar wa wit hat Kramer op de lêste dei fan de Spelen noch in ferrassing yn 't fet.
Foarsizzingen
Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).
Massastart froulju
Koos Wieling
1. Irene Schouten (Nederlân)
2. Ivanie Blondin (Kanada)
3. Francesca Lollobrigida (Italië)
2. Ivanie Blondin (Kanada)
3. Francesca Lollobrigida (Italië)
Lisette van der Geest
1. Ivanie Blondin (Kanada)
2. Francesca Lollobrigida (Italië)
3. Ayano Sato (Japan)
2. Francesca Lollobrigida (Italië)
3. Ayano Sato (Japan)
Johan Stobbe
1. Kim Bo-reum (Súd-Koreä)
2. Ivanie Blondin (Kanada)
3. Irene Schouten (Nederlân)
2. Ivanie Blondin (Kanada)
3. Irene Schouten (Nederlân)
Massastart manlju
Koos Wieling
1. Koen Verweij (Nederlân)
2. Lee Seung-hoon (Súd-Koreä)
3. Bart Swings (België)
2. Lee Seung-hoon (Súd-Koreä)
3. Bart Swings (België)
Lisette van der Geest
1. Lee Seung-hoon (Súd-Koreä)
2. Koen Verweij (Nederlân)
3. Peter Michael (Nij-Seelân)
2. Koen Verweij (Nederlân)
3. Peter Michael (Nij-Seelân)
Johan Stobbe
1. Lee Seung-hoon (Súd-Koreä)
2. Bart Swings (België)
3. Koen Verweij (Nederlân)
2. Bart Swings (België)
3. Koen Verweij (Nederlân)
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.