Plysje hâldt rekonstruksje fan sjitpartij iisstadion Thialf

Sjitynsidint Thialf © CAMJO media
By Thialf op It Hearrenfean wurdt freedtejûn in rekonstruksje holden fan de sjitpartij dy't dêr op 7 jannewaris ferline jier wie. In 57-jierrige man skeat doe op reedrydsponsor Bert Jonker, direkteur fan yngenieursburo Clafis. De man en Jonker soene in saaklik konflikt ha. De skutter wurdt fertocht fan besykjen ta moard of deaslach. Jonker rekke by it ynsidint ferwûne oan syn hân.
Mei de rekonstruksje jûn wurdt útsocht hoe oannimlik de ferklearringen fan de fertochte en it slachtoffer binne. Sy hawwe beide in oare lêzing fan de feiten, benammen oer it wapen dat brûkt is.
It Iepenbier Ministearje hie op de rezjysitting fan 13 desimber de rjochtbank frege om in rekonstruksje. Dy fynt plak ûnder rezjy fan de rjochter-kommissaris en wurdt útfierd troch it spesjale lanlike rekonstruksjeteam fan de plysje, wêrby't in part fan it parkearterrein by Thialf ôfset wurdt.