It Nederlânske shorttrack stiet no echt op de kaart

"Rekkenje mar dat se dêr yn Koreä no tinke, wat dogge dy Nederlanners allegearre? Hoe kin dit?" De goede prestaasjes fan de Nederlânske shorttrackers sille net allinnich yn Nederlân de oandacht lutsen hawwe, sa tinkt Sippy Tigchelaar foarsitter seksjebestjoer shorttrack fan it KNSB.
Neffens Tigchelaar binne de prestaasjes fan dizze Olympyske Spelen tige bysûnder, benammen de gouden medalje fan Suzanne Schulting springt derút. "Allegearre hiene wy ferwachte dat Sjinkie der hiel tichtby komme soe, om't er it yn oare wedstriden al sjen litten hie. En fan Suzanne wisten wy, se is noch mar tweintich jier, en in stuiterbal. Je moatte de konsintraasje fêsthâlde en je wurde almachtich ôflaat by de Olympyske Spelen, en sy docht it gewoan. En dat is sa machtich moai foar it shorttrack. Dit moat in soad jonge shorttrackers ynspirearje."
Goede basis
Fjouwer jier lien wûn Nederlân noch mar ien shorttrackmedalje (brûns foar Sjinkie Knegt), en no binne it der al fjouwer. "Mei Jeroen Otter hawwe wy in hiele fantastyske trainer," leit Tigchelaar út, "mar njonken him hawwe wy ek noch trije talintesintra (It Hearrenfean, Dordrecht en Utrecht) en dêr wurde de talinten goed oplaat. Ik tink dat wy op dizze wize trochgean, dan krije wy yn de breedte in hiele grutte klup."
Op dit stuit is de Nederlânske top goed beset, mar der hoecht mar ien rider fuort te fallen of der ûntsteane problemen. Dochs tinkt Tigchelaar dat dit yn de takomst goed oplost wurde sil. "Wat der no oankomt yn dizze fjouwer jier, dat drukt no al tsjin dizze top oan. En ik tink dat wy op dizze wize trochgroeie kinne."
Natueriis
En dêr bliuwt it ek net by, sjocht Tigchelaar. "We sjogge seker fierdere groei. Jonge bern, fan in jier as 8 oant 12 dêr sit no in enoarme groei yn. As wy no in bytsje natueriis krije dan dogge bern it shorttrack spultsje ek, dy begjinne rûntsjes te riden en dy organisearje sels wedstriden en dat is it fûnemint foar shorttracken." Wa wit, in pear strange winters soe ús oer fjouwer jier miskien noch wol mear shorttrackmedaljes opsmite kinne.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.