Kollum: "Orgaandonaasje"

23 feb 2018 - 07:25

"Ik hie in artikel op Facebook setten oer de minder moaie kant fan orgaandonaasje en dêr wie ik bot fan skrokken. Earlik sein hie ik my der noch net sa mei dwaande hâlden en de reaksjes op it stik wiene tsjinstridich. De iene wie it der mei iens, wylst de oare it in lulferhaal fûn. Der wie ek immen mei in kunde út de medyske wrâld dy't freeslike dingen meimakke hat wat orgaandonaasje oanbelanget en in oar spruts dit wer tsjin. Mar der wie ek in reaksje fan in frou dy't har man ferlern hat. Hy wie orgaandonor en sy soe ek mei in gerêst hert har organen ôfstean .

Ik moat ek in kar meitsje en omdat dit net altyd in sosjaal mearke mei in goeie ôfrin liket, woe ik my der earst al better yn ferdjipje. Op 'Plusonline' is dr. Michael Kuiper fan it MCL oan it wurd. Hy seit dat harsendea betsjut dat je harsenstam foargoed fernield is en dat je dêrom gjin pine fiele. Der wurde wol pynstillings en spierfersloppers brûkt om de búkwand slopper te meitsjen en de spinale refleksen te ûnderdrukken. Dat is in direkte prikkeling fan in gefoelssenuw dy't út it rêchmoarch weikomt en neat mei pine te krijen hat. Dochs binne der ek ferhalen fan neibesteanden dy't freeslik skrokken binne fan de pynlike útdrukking op it gesicht fan de deade donor.

Renate Greinert is de mem fan in orgaandonor. Se hat dêr sels yn shock tastimming foar jûn mar dêrnei is se yn in psychyske krisis rekke. Se hat it boek 'Ongestoord sterven' skreaun, mei in foarwurd fan de kardiolooch Pim van Lommel. Hy seit dat it stjerproses tiid kostet, en in donor stjert faak allinnich, sûnder famylje op in tiid dy't in oar foar him bepaalt. Hy hat wiidweidich ûndersyk dien nei hast-dea ûnderfinings en tinkt dat it bewustwêzen net allinnich yn it brein sit.

Ger Lodewijck hat it boek 'Wat je over orgaandonatie zou moeten weten' skreaun en Annet Wood beskriuwt yn har 'Zwartboek over orgaandonatie' de lêste oeren yn it libben fan guon orgaandonoaren en famyljeleden. Der binne dochs echt minsken dy't neifertelle kinne dat se, wylst se as harsendea bestimpele wiene, alle petearen hearden en ek noch wol fiele koene mar net ta steat wiene it dúdlik te meitsjen.

Paul Pearsell beskriuwt yn 'Het geheugen van het hart' nuvere sitewaasjes nei in herttransplantaasje. Hat it hert in ûnthâld en giet der nei de transplantaasje in diel fan de persoanlikheid oer fan de donor? Hy tinkt fan al en hat dêr ûndersyk nei dien. Sa is der bygelyks in Arabysk famke fan trije jier dat it hert krigen hat fan in Joadsk jonkje. Neidat se bykaam is, freget se om in Joadsk snoepke dêr't se de namme net fan witte koe.

Der is genôch oer te finen, sawol posityf as negatyf mar ik haw myn kar makke. Ik wol eltsenien wol helpe mei myn organen... as ik de kâns krigen haw om rêstich te stjerren en myn siel it lichem ferlitten hat. Sadree't ik dea bin meie se my leechklauwe, mar net as ik noch foar 97 prosint libje. Harsendea is net echt dea en de prosedueres om te bepalen oft je harsendea binne, binne ek net oeral gelyk .

It is moai dat minsken goeie ûnderfinings mei orgaandonaasje hawwe, mar ik sil net beweare dat de lju mei negative ûnderfinings, lige. Eltse saneamde harsendeade dy't de lêste oeren fan syn libben troch in hel giet, fyn ik ien tefolle en dêrom hoech ik ek gjin orgaan fan in oar. Salang't myn hert kloppet, sil ik hooplik noch lang en lokkich libje."

(advertinsje)