Grutte brân yn wenbuorkerij De Wilp

23 feb 2018 - 06:33
  • Grutte brân yn wenbuorkerij De Wilp

Yn De Wilp flakby Fryske Peallen hat freedtemoarn in grutte brân yn in wenbuorkerij west. It gebou hie in reiden tek. De brân begûn om in oere as kertier foar seizen moarns. De wenbuorkerij oan de Dijkswijk stie folslein yn de brân. De brânwacht hie it dreech mei de tafier fan wetter.

Meardere brânwachtkorpsen út Grinslân en Fryslân wiene oproppen om te helpen by de brân. Neffens de brânwacht wie der net ien mear yn it gebou oanwêzich.

Trefwurden: 
brân De Wilp
(advertinsje)