Al 70 jier lid fan itselde koar

22 feb 2018 - 22:54

Yn Aldegea (Smellingerlân) is tongersdeitejûn wol wat bysûnders bard. Dat it koar De Lofstem 90 jier bestiet, is noch oant dêr oan ta, mar wat it wol bysûnder makket is dat ien fan de leden al 70 jier lang lid is.

Griet van der Iest is op har 16e begûn en sjongt op har 86e noch hieltiten by De Lofstem. It tal leden hat wolris heger west en guon binne al wat âlder, mar it koar bestiet noch en sy hawwe wille mei elkoar.

Sa lang't it kin, bliuwt Van der Iest dêr sjongen. As famke wie it mear in útsje, mar no nei in hiel libben, hawwe de lieten mear en mear betsjutting krigen. It jubileum waard tongersdei fierd mei in stikje oranjekoeke.

(advertinsje)