Piet Paulusma: "Prima waar foar in stikje iisgroei"

22 feb 2018 - 22:33

By Piet Paulusma hat de reedrydkoarts ek taslein. Dat fertelde de waarman tongersdei yn Fryslân Hjoed. "Sûnt foarige wike sneon hienen we yn de gaten dat de winter echt komme kin. It kin hast net oars. By my is dy winterkoarts der ek. Mar moatst ek reëel bliuwe: it leit der noch net, it iis."

"Prima foar in stikje iisgroei"

De kommende dagen wurdt it hieltyd kâlder, is de ferwachting. "We krije in oantal nachten fan -7 of -8", seit Paulusma. "Ast dan oerdei in temperatuer fan 0 of krekt derûnder hast, dan is dat prima foar in stikje iisgroei."

"De iisgroei sil de kommende dagen tanimme. Mei de matige froast en sterkere wyn, moat der tiisdei of woansdei wol riden wurde kinne. Om te riden hast fiif of seis sintimeter iis nedich en dat helje we wol", ferwachtet Paulusma.

Pleatslike iisklup

It reedriden komt dus wol goed, mar noch net direkt oeral. Paulusma: "Wolst tiisdei of woansdei ride, dan moatst tinke oan de pleatslike iisklup en de ûndjippe wetters."

(advertinsje)