'Mata Hari' makket kâns op 'Tentoanstelling fan it jier'

22 feb 2018 - 21:15

De tentoanstelling 'Mata Hari' yn it Fries Museum makket kâns op de titel 'Tentoanstelling fan it jier 2017'. De priis is útskreaun troch Museumtijdschrift, it grutste keunsttydskrift fan Nederlân.

In faksjuery hat in top 10 gearstald. Minsken kinne stimme oant 6 april. De winner wurdt 20 april bekend makke.

De tsien tentoanstellingen dy't nominearre binne:

  • 'Gek van surrealisme', Museum Boijmans Van Beuningen
  • 'Robert Mapplethorpe. Een perfectionist', Kunsthal Rotterdam
  • 'Small wonders', Rijksmuseum Amsterdam
  • 'Zuiderburen', Mauritshuis
  • 'Weerzien', Museum De Pont
  • 'Meester van het licht - Emanuel de Witte', Stedelijk Museum Alkmaar
  • 'Ferdinand Bol en Govert Flinck', Amsterdam Museum en Museum Het Rembrandthuis
  • 'Mata Hari', Fries Museum
  • 'Nineveh', Rijksmuseum van Oudheden
  • 'Tirzo Martha. No excuses!', Museum Beelden aan Zee
(advertinsje)