Gemeente leit ferantwurdlikens fiasko Blokhúspoarte by BOEi

22 feb 2018 - 20:38

Untwikkeler BOEi is ferantwurdlik foar de ekstra kosten fan de ferbouwing fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dat skriuwt it Ljouwerter kolleezje yn in brief oan de ried.

Tekoart fan 4,4 miljoen

De ferantwurdlikens is foarôfgeand oan de ferbouwing al ôfpraat mei BOEi, eigener fan en ferantwurdlik foar de ferbouwing fan de Blokhúspoarte. BOEi hat twa wiken lyn it wurk dellein om't se mei grutte finansjele tekoarten sitte. It giet om in tekoart fan 4,4 miljoen euro om't der mear wurk dien is as ôfpraat. Sa ha se bygelyks mear ferhierbere romten makke. Dat is nedich foar de eksploitaasje.

Ek moat der noch foar 1,2 miljoen euro ferspikere wurde yn de Blokhúspoarte. It giet dan ûnder oare om de kapel en de luchtbehannelingsynstallaasje by poadium Asteriks. BOEi krige fan de gemeente Ljouwert, de provinsje en it Ryk 20 miljoen euro subsydzje foar de ferbouwing.

"BOEi folslein sels ferantwurdlik"

Neffens de gemeente is BOEi folslein sels ferantwurdlik foar it ûntstiene tekoart. De gemeente en BOEi meitsje no ôfspraken oer hoe't de tekoarten oplost wurde. It kolleezje ferwachtet de ried dêr yn maart oer te ynformearjen.

Opposysjepartijen yn de ried bliuwe by it stânpunt dat de ried net goed en op 'e tiid ynformearre is troch wethâlder Henk Deinum. Sa hie der yn sawol 2016 as foarich jier mear ynformaasje jûn wurde moatten oan de ried. It debat oer de Blokhúspoarte is op 7 maart.

(advertinsje)