Paul Raveneau takom seizoen trainer fan ONS Snits

22 feb 2018 - 20:30

ONS Snits hat foar de kommende twa seizoenen in nije trainer. Paul Raveneau sil de opfolger wurde fan Chris de Wagt, dy't earder oankundige dat er nei dit seizoen fuortgiet by de treddedifyzjonist.

De 42-jierrige Raveneau út Roden wurket op it stuit as trainer fan SC Hearrenfean ûnder 19. Earder wurke er lange tiid foar de jeugdôfdieling fan FC Grins. Yn de amateurfuotbalwrâld wie er ûnder oare wurksum as assistint-trainer by ACV út Assen.

ONS tinkt dat de klup mei Raveneau in trainer binnenhelle hat dy't past by de ambysjes fan de Snitsers. Sa kin Raveneau goed wurkje mei jonge spilers.

(advertinsje)
(advertinsje)