UNIS Flyers giet dit wykein foar tsiende lânskampioenskip

23 feb 2018 - 06:58

De iishockeyers fan de UNIS Flyers kinne dit wykein foar de tsiende kear Nederlânsk kampioen wurde. Yn de eigen hal wurdt de saneamde Final Four spile. De bêste fjouwer Nederlânske teams út de kompetysje (de BeNe-League) meitsje yn ien wykein út wa't Nederlânsk kampioen wurdt. It toernoai wurdt spile yn de iishockeyhal fan Thialf op It Hearrenfean.

Hattrick?

Twa jier lyn waarden de Flyers foar it earst sûnt 24 jier wer kampioen fan Nederlân. It jier dêrnei wie it wer feest en dus geane de Flyers op foar in hattrick. Mar sa ienfâldich is dat noch net. De ploech fan coach Mike Nason waard yn de kompetysje twadde efter Den Haag en ferlear fan dyselde ploech ek de bekerfinale. Dêrtroch is Den Haag de favoryt.

Sneon heale finale

De nûmers ien oant en mei fjouwer treffe elkoar sneon earst yn de heale finale. De Flyers moatte earst tsjin Nijmegen. Ofrûne sneon troffen dy elkoar noch en doe wûnen de Flyers mei 9-1. De nûmer ien fan de kompetysje Den Haag nimt it op tsjin de nûmer fjouwer Geleen. De winners treffe elkoar snein yn de finale.

Eventuele finale live

As de Flyers de finale helje, wurdt dy troch Omrop Fryslân live útstjoerd op www.omropfryslan.nl en op de app. Fan 15.00 oere ôf mei kommentaar fan Freark Wijma.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(advertinsje)