Frjentsjer set útein mei werynrjochting Breedeplaats

Yn Frjentsjer is tongersdei offisjeel úteinset mei de werynrjochting fan de Breedeplaats. Oanlieding is de komst fan ien fan de alve fonteinen yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018.
Mar der gebeurt folle mear. Grienûntwerper Piet Oudolf hat in nije ynrjochting makke foar it Martiniplantsoen en parten fan de romte rûnom de tsjerke.
Ek de ferbining mei de Dijkstraat en de Voorstraat wurdt oanpakt. De fontein komt by de yngong fan de Martinitsjerke en de bedoeling is dat dy't der op 1 maaie al stiet. Neffens wethâlder Caroline de Pee fan gemeente Waadhoeke moat it aansten oanfiele as de húskeamer fan Frjentsjer.