Ferwûne nei oanriding op A6 by De Lemmer

22 feb 2018 - 18:21

By in oanriding op de A6 tusken Bant en De Lemmer is tongersdeitemiddei in persoan ferwûne rekke. Twa auto's knalden dêr boppe-op elkoar. It is noch net bekend hoe't dit barre koe.

Troch it ûngelok wienen twa rydbanen ôfsletten en stie der in kilometerslange file op de dyk. De wei is yntusken wer frijjûn.

Trefwurden: 
auto-ûngelok De Lemmer Bant
(advertinsje)