Fryske gemeenten bliid mei útstel útwreiding fleanfjild

22 feb 2018 - 17:42

De gemeenten De Fryske Marren en Weststellingwerf binne bliid dat de útwreiding fan Lelystêd Airport mei in jier útsteld wurdt. Mar de kjeld is noch net út de loft, sizze beide ferantwurdlike wethâlders.

Der is noch gjin garânsje dat nei de iepening fan Lelystêd Airport net leechflein wurdt boppe kwestbere gebieten. En de weryndieling fan it loftrom is net earder as oer fiif jier. Beide gemeenten wolle dat dat bart foardat fleanfjild Lelystêd útwreidet. De Fryske Marren en Weststellingwerf binne net tsjin de útwreiding, mar wol tsjin de oerlêst fan dat leechfleanen.

It jout in goed gefoel dat de minister lústere hat nei wat der libbet yn de regio, sizze beide wethâlders. Mar echt gerêst binne se noch net, omdat der noch in soad ûndúdlik is.

(advertinsje)