Resinsje: "Hjir dûnset it libben, dit is myn tsjerke"

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.
Wa bisto?
Marijke de Boer
Wat dochsto by de Omrop?
Ik bin ynternetredakteur
Wat hasto mei kultuer?
Al myn hiele libben gean ik, mei in soad plezier, nei foarstellingen
Wêr hast hinne west?
'De man dy't hout dûnsje liet' yn Mantgum
Hoefolle stjerren joust dizze foarstelling?
Trije
"By it sammelpunt, it treinstasjon fan Mantgum, is it tema fan dizze jûn fuort al dúdlik: hout. In fjoerkoer ferwaarmet de besikers en by de kassa, yn de tichte wachtromte op it perron, krije we as tagongsbewiis in 'plakje' fan in beam. It fjoer is wol nedich, want it friest. Sels sa bot dat de Mantgumer fearten al tichtferzen binne en dat de plande boattocht nei de Mariatsjerke ferfalt.
Houtsnijer Hermannus Berkenbijl, dêr't de foarstelling mei de prachtige titel De man dy't hout dûnsje liet, op basearre is, reizge om 1780 hinne mei de boat fan syn wenplak Ljouwert nei Mantgum om dêr yn de Mariatsjerke te wurkjen. De ferteller, dy't oars yn de boat sitte soe, nimt it selskip no mei foar in kuier troch it doarp. Ljochtbeakens wize it paad en op tal fan plakken steane fleurige tûken by elkoar mei kleurige findels deryn.
Underweis krije we it libbensferhaal fan Hermannus Berkenbijl te hearren. In frijwat tragysk libbensferhaal, hy ferliest syn bern en wurdt sels ek net âlder as 35 jier. Yn syn wurk as houtsnijer is er hiel betûft, hy krijt de put om de tsjerke fan Mantgum te fersieren mei houtsnijwurk. It is in echte fakman dy't dêr trije jier oan wurket, mei wat help fan timmerlju. Ut de argiven docht bliken dat er in foarfaar is fan Adam Zelle, de heit fan Margaretha Geertruida Zelle, oftewol Mata Hari.
© Piet Douma
Yn de prachtich oanljochte wite tsjerke skowe we oan yn de tsjerkebankjes. De koster hyt elkenien persoanlik wolkom. De tsjerketsjinst begjint: der is in dûmny, oargelmuzyk, in koar en tsjerkegongers fansels. It liket in gewoane tsjinst te wurden. Nei it yntochtsliet wurdt frege oft ien út de gemeente de blommen by in siik gemeentelid delbringe wol en dan begjint de dûmny te preekjen. It ûnderwerp is âld en nij, mar wat is âld en wat is nij? Har ferhaal wurdt rûch ûnderbrutsen as in frou deryn komt, se moat it houtwurk ynspektearje.
De frou is boukundige, en ja hear... It is hielendal mis: it hout is oanfretten troch de bûnte kjifkrobbe (bonte knaagkever). "Dy fret it hout fan binnen op, sadat it in Brosreep wurdt." Dus alles moat der útsloopt wurde, mar dat kostet nochal wat. Kin soks samar? De jonge koster, "ik sit noch yn myn proeftiid", wit it net rjocht. In houtbewurker, kompleet mei skelk en beitels komt deryn. Op syn Liwwadders meldt er syn namme: Hermannus Berkenbijl, houtbewurker en famylje fan de man dy't de tsjerke foarsjoen hat fan it moaie houtsnijwurk. Slope is foar him gjin opsje, it hout hat histoarje, it is in keunstwurk, mei leafde makke. Hy wol de boel restaurearje. De boukundige hat neffens him gjin histoarysk en moreel besef.
© Piet Douma
In tredde besiker meldt him. It is it type flotte sakeman, de iPad yn de hân. Hy is belle troch de koster. Mei moai wat Ingelske termen yn syn praat, "the future is now", hat er de oplossing. Yn de grutte doaze sit in 3D-printer, dy't alles neimeitsje kin. Dat kin boppedat ek moai wat flotter as de trije jier dy't der yn de achttjinde iuw oan wurke is. De boukundige sjocht dat wol sitten, "we moatte romte meitsje foar keunst fan hjoed-de-dei". Hermannus hâldt dêrfoar oer fêst oan it hout, as dat ferdwynt "is de siel út it gebou". Moatst net oan it sentimint hingje, bringt de boukundige dêr wer tsjinyn. "It is de natuer sels dy't it hout oanfret." Wat moat de koster kieze? "Vroeger was niet alles beter, heeft de kerk over honderd jaar nog dezelfde functie?" Watfoar beslút se nimt, ferklap ik net.
In bline tsjerkegonger, dy't nei elke ûnderbrekking freget oft dûmny net gewoan fierder mei de tsjinst gean kin, fertelt dat se as lyts famke al mei har heit yn de tsjerke kaam. Se bewarret goede oantinkens oan it houtsnijwurk, sa kin se fiele wêr't se eartiids siet. "Ik fûn it in aparte tsjinst, mar wol moai," seit se oan de ein. "Hjir dûnset it libben, dit is myn tsjerke."
© Piet Douma
It dilemma fan de foarstelling, hâlde we it by it âlde of kieze we foar nij, lei der frijwat bopp-op. De foarm dêr't foar keazen is past lykwols prima, mei eleminten fan in tsjerketsjinst. Dêrby is keazen foar muzikale yntermezzo's mei dûns. Troch sa út en troch ritmysk mei de hannen op de tsjerkebanken te trommeljen soargje de yn oranje/brune (houtkleuren) klaaide dûnsers foar sfearfolle lûden fan houtbewurking. Bytiden komme se fan de banken ôf en begjinne se sierlik te dûnsjen. Se figuerseagje yn de loft en folgje de floeiende linen fan it houtsnijwurk. It bringt de oandacht nei it houtsnijwurk, nei details dy't je oars gau oer de holle sjogge. Lykas de rûne preekstoel mei yn reliëf ferskate bibelske tafrielen, de trep út ien stik makke en it doopstek mei weagjende blombledsjes.
© Piet Douma
It wurk fan houtsnijer Hermannus Berkenbijl komt mei de foarstelling yn it ljocht. Ik waard lykwols ek benijd nei de persoan sels en miste dat yn de foarstelling. Oan de oare kant past dit tema, behâld of foarútgong, prima by de rige foarstellingen fan Under de Toer. It spilet net inkeld by Fryske tsjerken, mar is breder te lûken nei ferskate maatskiplike kwestjes."

De man dy't hout dûnsje liet is ien fan de 32 projekten fan Under de Toer, ferhalen yn, om en by Fryske tsjerken. De foarstelling wurdt oant en mei 1 maart spile, alle spyldata binne útferkocht. Op sneon 24 en snein 25 febrewaris yn MFC De Wjukken yn Mantgum it Houtfestival Dûnsjend Hout mei mear as tritich dielnimmers. Der binne lêzingen en workshops: fan houten brillen oant meubelmakker en fan houten kano's oant fluitebouwer. Sjoch foar mear ynformaasje op www.dunsjendhout.nl.