Recyclebedriuw Koatstertille meldt brân net en krijt boete

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In recyclingsbedriuw út Koatstertille hat in boete fan 4500 euro krigen omdat it in brân net meld hat. En dat hie wol moatten.
Hast twa jier lyn ûntstie der brân yn in bulte houtsnippers by it bedriuw. Dat hie neffens de regels melden wurde moatten by de provinsje. In liedingjaande hie sein dat dat net dien wie, omdat it bedriuw dêr minne ûnderfiningen mei hie. Eardere saken wienen oant de boaiem ta útsocht en hienen it bedriuw in soad jild koste. It bedriuw is yn it ferline faker bestraft foar miljeu-oertrêdingen.
Justysje hie in boete fan 5500 euro easke. De rjochter makke dêr 4500 fan, mei tûzen euro ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier.