Pyeongchang, dei 15: 1000 meter sûnder Friezen

23 feb 2018 - 06:30

Freed komme der opnij gjin Fryske sporters yn aksje op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Foar de 1000 meter reedriden by de manlju dogge Kjeld Nuis, Koen Verweij en Kai Verbij mei foar Nederlân.

11.00 oere: 1000 meter manlju 

Kjeld Nuis komt freed yn de lêste rit fan de 1000 meter yn aksje. De olympysk kampioen op de 1500 meter sil dêr tsjin de Finske Mika Poutala ride. Yn de ien-nei-lêste rit komt Kai Verbij yn aksje. Hy is koppele oan de Kanadees Vincent De Haitre. Beide Nederlanners begjinne en einigje yn de binnenbaan. 

Koen Verweij moat as sechstjinde oan de start ferskine. Hy rydt tsjin Havard Lorentzen, de Noar dy't yn in olympysk rekôr it goud ferovere op de 500 meter. Verweij begjint en einiget yn de bûtenbaan. 

Sneon: Massastart

Op de lêste dei fan de Olympyske Winterspelen kinne wy noch ien kear genietsje fan it reedriden. Om 12 oere middeis stiet nammentlik de massastart foar de manlju op it programma, mei dêrby Sven Kramer. In oere earder moatte de froulju oan de start ferskine foar dyselde massastart. Hjir binne gjin Fryske riders by. 

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Johan Stobbe: 

1. Kjeld Nuis (Nederlân)
2. Håvard Holmefjord Lorentzen (Noarwegen) 
3. Cha Min-kyu (Súd-Koreä)

Koos Wieling: 

1. Kjeld Nuis (Nederlân)
2. Håvard Holmefjord Lorentzen (Noarwegen)
3. Kai Verbij (Nederlân) 

Lisette van der Geest

1. Kai Verbij (Nederlân)
2. Kjeld Nuis (Nederlân)
3. Shani Davis (Amearika)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

Trefwurden: 
Olympyske Spelen reedriden
(advertinsje)