Maratonwinst Bianca Bakker en Crispijn Ariëns yn Luleå

Bianca Bakker fan Wynjewâld hat de maratonwedstriid op it iis yn it Sweedske Luleå wûn. It wie de twadde wedstriid yn de KPN Grand Prix. De maratonriders moasten 100 kilometer, de froulju 80 kilometer ôflizze oer it see-iis fan de Botnyske Golf. De wedstriid waard yn ferbân mei de ekstreme kjeld ynkoarte nei 80 (manlju) en 60 kilometer (froulju). It wie sa'n twintich graden ûnder nul yn it noarden fan Sweden.
By de froulju waard Elma de Vries fan De Haule twadde en Corina Strikwerda fan It Hearenfean tredde. De trije froulju wienen ûnderdiel fan in kopgroep fan fiif.
By de manlju wie Crispijn Ariëns, dy't yn Wolvegea wennet, nei 80 kilometer de winner. Ariëns fersloech Gary Hekman yn de massasprint. Simon Schouten waard tredde.
Sneon en snein binne der ek noch wedstriden yn it Sweedske Laplân dy't meitelle foar it klassemint fan de KPN Grand Prix.