Otter blier ferrast mei goud Schulting

22 feb 2018 - 16:22

Coach Jeroen Otter fan de Nederlânske shorttrackploech is bliid ferrast mei it goud fan syn pupil Suzanne Schulting. Mar hy hie der wol rekken mei hâlden dat ien fan syn riders in titel binnenhelje kinne soe. "Daar trainen we voor, zo simpel is het. Waarom zouden wij het niet kunnen?" seit Otter. Hy seit dat syn riders net alle wiken op de baan steane om foar plak fiif te trainen. Doe't Schulting him nei de race tsjinkaam sei se dat se it net leauwe koe. Otter sei doe: "Ik zei: waarom niet? Je hebt twee armen, twee benen en er zit een hoofd op. Ik zie geen verschil met de Koreanen.''

(advertinsje)