Tydlike opfolging direkteur Omrop Fryslân

22 feb 2018 - 16:04

De fakatuere fan direkteur fan Omrop Fryslân wurdt foarearst tydlik ynfolle. Direkteur Jan Koster hâldt mei yngong fan 1 maaie 2018 op. De ried fan kommissarissen (rfk) fan de Omrop is ferantwurdlik foar it oanlûken fan in nije direkteur.

De rfk nimt de tiid foar in soarchfâldige proseduere oangeande de oanstelling fan in nije direkteur. Om't de perioade oant 1 maaie relatyf koart is, hat de rfk besletten de funksje foarearst tydlik yn te foljen. It trajekt foar de tydlike oanstelling is yntusken úteinsetten.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân direkteur
(advertinsje)