"Achtkarspelen moat grut ûnderhâld tennisbanen sels betelje"

Tennis © Omrop Fryslân
As it oan it kolleezje fan B en W fan Achtkarspelen leit, nimt de gemeente tenei it grut ûnderhâld fan de tennisbanen foar syn rekken.
It is de bedoeling dat de gemeente per kompleks foar twa banen it grut ûnderhâld betellet. No betelje de ferienings it sels.
De gemeente soarget ek foar it grut ûnderhâld fan fuotbal- en kuorbalfjilden. Dat soe dêrom ek foar tennisbanen jilde moatte, fine boargemaster en wethâlders. De ried praat der mids maart oer.