Man dy't surfers oerfarre woe krijt wurkstraf

22 feb 2018 - 15:22

In man út Assen hat in wurkstraf fan 180 oeren krigen, omdat er bewust op twa surfers ynfearn is. Dat barde ferline jier op de Hegemer Mar.

De man hie tefolle dronken en hie de twa al hast in kear rekke. Doe't dy him dêrom útfoeteren, kearde er syn syljacht en gie er rjocht op se ôf. De minsken koene him kwealik ûntwike.

Justysje fûn dat de fertochte feroardiele wurde moast fanwege it besykjen fan deaslach. De rjochter gie dêr net yn mei. Dy fûn wol dat de man de surfers yn gefaar brocht hat. De man út Assen moat beide surfers 600 euro smertejild betelje.

Trefwurden: 
wurkstraf Hegemer Mar
(advertinsje)