Jild fan boskje tulpen nei Reade Krús

© ANP
Supermerk Albert Heijn fiert nije wike aksje foar it Fryske Reade Krús, mei 'Tulp voor Hulp'. Fan elk boskje tulpen dat minsken dêr keapje, giet ien euro nei it Reade Krús. De opbringst is bedoeld foar needhelp dy't de organisaasje jout. Dan giet it bygelyks om help by in grut ûngelok of by ekstreem waar. It Reade Krús soarget derfoar dat syn frijwilligers yn Fryslân goed oplaat binne en taret binne op eltse kalamiteit.